12.000 euro foar aksje Kenia

Foar dizze bern set Kiewiet him al langere tiid yn (foto Theo Kiewiet)
De aksje fan Amelanner Theo Kiewiet foar Kenia hat goed 12.000 euro opsmiten. Kiewiet fan de Stichting Ontwikkelingssamenwerking is al in skoft drok mei it ynsammeljen fan jild om de thúsleazen yn Kenia te helpen.
Yn it hiele lân binne in kwart miljoen minsken ferdreaun fan hûs en hiem, nei't dêr opskuor ûntstie nei de ferkiezings yn desimber. Kiewiet rjochtet syn help op twa kampen yn it westen fan Kenia mei 12.000 minsken.