Gjin yngreep Jouster rotonde

04 feb 2008 - 12:08

Der wurdt foarearst neat dien oan de ferkearsproblemen by de rotonde fan 'e Jouwer. Pas yn 2012 sil der in definitive oplossing wêze. Ferline jier waard oannimmers frege om mei in plan te kommen foar de rotonde.

Dizze moanne soe bekend makke wurde hokker oannimmer syn plan útfiere mocht. De provinsje hat dizze proseduere stopset. De provinsje wol kompensaasjejild fan it Suderseespoar brûke foar in definitive oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)