Trochstart Griek en Haskotherm

© Omrop Fryslân
Ynstallaasjebedriuw Griek en Haskotherm op it Hearrenfean makket in trochstart. It bedriuw wurdt oernaam troch Sietsma Installatietechniek út Drachten. Foar 27 fan de 34 meiwurkers is nei de trochstart noch plak, 7 man kinne net mei.
It fallissemint waard ferline wike útsprutsen. It bedriuw rekkene op mear wurk as der wie en kaam dêrtroch yn swier waar. De fakbûnen giene al út fan in trochstart.