Jan Visser (90) ferstoarn
Ald-izerhanneler en bekende Liwwadder Jan Visser is sneintejûn ferstoarn. Visser is in broer fan Auke de Sloper en waard bekend doe't er mei syn broer in 'dokusoap' krige yn it tv-programma Man bijt Hond fan 'e NCRV.
Tongersdei waard 'Ome Jan' opnaam yn it MCL mei in longûntstekking. Dêr is er sneintejûn let ferstoarn. Visser is 90 jier wurden.