Befeiliging foar 'adres Joran'

Der wurdt in soad oanbelle op it adres dêr't Joran van der Sloot ferbliuwe soe...
Der hat oant 4 oere moandeitemoarn befeiliging west foar it appartemintekompleks oan de Markt yn Drachten, dêr't Joran van de Sloot ûnderdak hawwe soe.
Nei de tv-útstjoering mei de bekentenis fan Van der Sloot oer de ferdwining fan Natalee Holloway, kamen hûnderten minsken nei it appartemint oan de Markt. De kommende dagen bliuwt it befeiligingsbedriuw standby foar it gefal dat dat nedich is.