Snits ferliest fan Bataven

© Omrop Fryslân
Nei it 4-0 ferlies foarige wike tsjin HSC moast sneinshaadklasser Snits winne fan de Bataven om net fierder yn de problemen te kommen. Dat slagge net, want troch in doelpunt yn de twadde helte ferlearen de Snitsers mei 1-0.
Snits hat no 13 punten út 14 wedstriden. De wedstriid fan takom wike tsjin Babberich wurdt tige wichtich om út de degradaasjesône te bliuwen.