Joran v.d. Sloot yn Drachten?

Joran van der Sloot soe ûnderdûkt sitte yn in appartemintekompleks yn Drachten. Dat kaam sneon nei foaren yn in útstjoering fan Hart van Nederland, op SBS6. Yn it programma wienen bylden te sjen fan de Markt yn Drachten.
Nei de útstjoering ha sa folle minsken by de flat oan de Markt west, dat de feriening fan eigners fan de flat in befeiligingsbedriuw ynhierd hat om de rêst te bewarjen. Oft Joran echt yn Drachten sit, is noch net dúdlik.