Oanriding yn Eanjum

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemiddei in oanriding ôfhannele op de Sylsterwei yn Eanjum. Dêr ried in auto, bestjoerd troch in Dokkumer (32), yn de rjochting fan Eanjum. By de krusing mei de Saatsenwei seach de man in auto, bestjoerd trochin leeftydsgenoat út Ingwierrum oer de holle.
It gefolch wie in oanriding, wêrby't beide auto's yn de sleat rekken. De passazjiere (26) fan de Ingwierrumer hie in harsenskodding oprûn.