Karateklap tsjin de holle

03 feb 2008 - 15:27

In 23-jierrige ynwenner fan Minnertsgea is sneintemoarn oanholden yn Berltsum. Hy hie sûnder dat der oanlieding foar wie, in karateklap útdield tsjin de holle, mei dêrop in helm, fan in 20-jierrige bromfytser út Sint Anne.

De ynwenner fan Sint Anne ried tafallich op dat momint lâns it Hemmemaplein. Op wei nei it plysjeburo bekende de man de mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)