Undersyk gearwurking dokters

It Antoniussikehûs yn Snits
De Friesland Zorgverzekeraar wol mei it Antoniussikehûs yn Snits ûndersykje oft de nije foarm fan gearwurking tusken medysk spesjalisten en húsdokters trochset wurde kin.
De spesjalisten hâlde mei fiif húsdokterspraktiken yn Súdwest-Fryslân sprekoere mei inoar. Dêrby treffe se de klant beide en beprate se mei elkoar hoe't se hannelje sille. De spesjalisten en de pasjinten binne optein oer de gearwurking.