Pietersma kampioen sipelskilen

03 feb 2008 - 12:28

Tom Pietersma út Ljouwert is de nije kampioen sipelskilen. Hy koe yn fiif minuten 2642 gram sipels skile en snije. It iepen Frysk kampioenskip waard sneontemiddei holden yn Deinum.

De trije sportferienings dy't de wedstriid organisearje, wolle dêrmei har Deinumer symboal eare, de sipel op de tsjerketoer fan de Sint Jan. It toernoai waard foar de twadde kear hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)