Dyk ticht foar wurk oan brêge

03 feb 2008 - 10:49

De provinsjale dyk tusken Bûtenpost en Surhústerfean is de kommende wike ticht foar it ferkear. Dat is nedich fanwege wurk oan de Blauforlaetsbrêge oer it PM-kanaal. De oplisblokken ûnder de brêge wurde ferfongen. Dêrnei wurdt it lykwicht opnij ynsteld.

It autoferkear wurdt omlaat, de rûte stiet mei buorden oanjûn. Fytsers, brommerriders en kuierders kinne oer it fytspaad by de dyk. As se oer it kanaal moatte, kin dat mei in pontsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)