Ynfomerk oer wykfernijing

03 feb 2008 - 09:40

Bewenners fan de Professorenbuurt yn Frjentsjer kinne moandei en woansdei nei in ynrinmerk oer de wykfernijing. Yn de buert stiet de kommende jierren in soad te gebeuren. Der wurde hûzen sloopt en der komme nije foar werom. Oare hûzen wurde renoveard.

Der is lang oan de plannen wurke. Yn it foartrajekt binne bewenners net goed op de hichte hâlden. Mar neidat se har beklach dêr oer dien hiene, waarden se der mear by belutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)