Nij systeem helpt pasjinten

02 feb 2008 - 13:57

Pasjinten yn SW-Fryslân binne flink holpen mei in nije gearwurking tusken medysk spesjalisten en húsdokters. Dêrby hâlde de spesjalisten en de hûsdokters mei elkoar sprekoere, se treffe de pasjint beide en beprate mei elkoar hoe't se hannelje sille.

Sa kin yn in soad gefallen foarkaam wurde dat de pasjint trochferwiisd wurdt wylst dat net nedich is. It Antoniussikehûs yn Snits wol dat de soarchfersekerder it systeem fergoedet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)