Koper- en laptopdieven

© Omrop Fryslân
Ut trije wenten oan de Spoardyk yn Warkum is tongersdeitenacht foar mei- elkoar 80 meter oan koperlieding stellen. De dieven kamen deryn troch it rút stikken te meitsjen. Ek waarden inkelde doarren fernield. Der is foar inkelde tûzenen euro's skea.
By in bedriuw op It Hearrenfean binne tongersdeitenacht 6 laptops stellen. De wearde is in pear tûzen euro. De dieven hawwe in rút yngoaid en de laptops út in fitrine helle.