Bankgarânsje foar nije tsjerke

02 feb 2008 - 11:07

De Pinkstergemeente op it Hearrenfean moat 50.000 euro achter de hân hawwe foar eventuele planskea by de bou fan harren nije gebou. Dat betingst stelt de gemeente Hearrenfean foar't der boud wurde kin oan de Herewâl.

As de tsjerke mei in risiko-analyse komt, kin dat bedrach mooglik noch oanpast wurde. De Pinkstergemeente sit sûnt tweintich jier op dat plak oan de Herewâl, mar is ta oan útwreiding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)