Fraachtekens Zorgbelang AWBZ

© Omrop Fryslân
Zorgbelang Fryslân is net ûnferdield gelokkich mei it advys fan de Raad voor de Volksgezondheid (RVZ) om de bysûndere syktekosten ôf te skaffen.
De taken soene oernaam wurde moatte troch de fersekerders en de gemeenten. Zorgbelang Fryslân is it iens mei de RVZ dat der bepaalde groepen binne dy't der better fan wurde. Mar foar de kwetsbere groepen kin it neffens Zorgbelang wol ris dreech wurde op in saneamde frije merk.