Rêdingsmedaljes útrikt

01 feb 2008 - 16:22

Rudi Postma fan Twizelerheide en Jan Brouwer fan Westergeast hawwe freed yn Bûtenpost medaljes krigen foar it rêden fan in minskelibben. En dat wie it libben fan de 78-jierrige Willem Postma, de pake fan Rudi Postma.

Willem Postma bedarre yn augustus ferline jier by it fiskjen yn it wetter en dat drige op 'e kop ferkeard te kommen. Pakesizzer Rudi helle him wer boppe wetter en Jan Brouwer helle se beiden út it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)