Soad beswier tsjin ôffaloven

Der is in soad beswier tsjin de ôffaloven yn Harns
Der binne mar leafst 900 reaksjes by de provinsje binnen kaam op it plan om in saneamde reststoffenenerzysintrale by Harns te bouwen. De tsjinstanners neame soks in ôffaloven en ha massaal ynsprutsen op de saneamde MER, de myljeffektrapportaazje.
Neffens deputearre steaten seit it grutte tal beswierskriften neat oer it draachflak foar de plannen. Deputearre Adema seit dat hy 'net fernuvere' is oer it grutte tal beswieren.