Cambuur noch sûnder Mboua

01 feb 2008 - 10:50

Sportklub Cambuur kin freedtejûn yn de wedstriid tsjin Zwolle noch net beskikke oer Marc Mboua. De rappe oanfaller is yn Frankryk om te herstellen fan syn blessuere. Ek Kasali Yinka Casal en Sandor van der Heide binne noch blesseare. Rudy Jansen is skorst.

Mooglik makket de nije oanwinst Kalil Colak syn debút yn de basis. Hy stridet mei René van der Weij om in plak foaryn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)