Frysk yn meldkeamer moat kinne

28 mrt 2012 - 09:32

It moat altyd mooglik wêze yn it Frysk in melding te dwaan by de plysjemeldkeamer. Dat antwurdet deputearre steaten op fragen fan de PvdA. De provinsje sil der by minister Spies fan ynlânske saken op oantrune dat de regels neilibbe wurde. Der wiene fragen steld nei't it Konsultatyf Orgaan foar it Frysk konstatearre hie dat meiwurkers fan de meldkeamer somtiden freegje Hollânsk te praten.

It probleem docht him foar nei't de trije noardlike meldkeamers de lapen gearsmiten hawwe. Neffens it Orgaan mei it Frysk dêr gjin skea fan hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)