Radoslav Matusiak ferhierd

SC Hearrenfean ferhiert Radoslav Matusiak
SC Hearrenfean ferhiert Radoslav Matusiak foar in healjier oan syn earste club GKS Belchatow út Poalen. Matusiak komt fan Palermo yn Itaalje, mar by Hearrenfean kaam er net folle oan spyljen ta. Yn tsien wedstriden makke er ien doelpunt. De Poal wol in soad spylje sadat er yn byld bliuwt by bûnscoach Leo Beenhakker fan Poalen.
De spilers Michael Bradley en Thomas Prager gean definityf net by Hearrenfean wei.