Doeksen past boattiden oan

Rederij Doeksen lit minder boaten farre nei Skylge en Flylân
Rederij Doeksen lit minder boaten farre nei Skylge en Flylân fanwege de stoarm. Fryslân wurdt op dit momint troffen troch stoarmwaar, mei útsjitters nei krêft 10. De stoarm is oer syn hichtepunt hinne.
Ut Sigerwâld en Bûtenpost komme meldings fan ôfwaaide tûken. Yn dat lêste doarp waaide ek it dak fan in feetransportwein ôf. By Wetterskip Fryslân yn Ljouwert is in reklameboerd stikken gien troch de stoarm.