Stappers hâlde ynbrekker oan

31 jan 2008 - 10:25

In Kollumersweager (32) hat mei in pear freonen in ynbrekker pakt. Hy kaam woansdeitenacht út in kafee en hearden op de Foarwei in klap en glêsrinkeljen. De man helle doe in pear maten út it kafee wei. Se seagen dat it rút fan in winkel ynslein wie en dat der doazen drank misten. Twa minsken draafden fuort.

De stappers koene ien beetpakke. Hy hie noch in pear flessen drank by him. De oare fertochte rint noch frij om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)