Ek Fryske stakings lytsmetaal

30 jan 2008 - 22:27

Ek yn Fryslân binne de wurknimmers yn de sektor lytsmetaal ree it wurk del te lizzen fanwege de fêstrûne cao-ûnderhannelings. Dat die woansdei bliken op in noardlike fakbûnsgearkomste yn Hearrenfean. De bûnen easkje foar dit jier 3,5% leansferheging, wylst de wurkjouwers net fierder gean wolle as 2,5%.

Lanlik giet it om 400.000 wurknimmers, dy't stake as de wurkjouwers net in persint omheech geane wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)