Slûzen Turfrûte sneins ticht

boatsjefarders kinne sneins net mear de sluzen
Boatsjefoarders kinne dizze simmer net mear sneins troch de sluzen op de Turfrûte yn Súdeast-Fryslân. De proef is stopset troch Eaststellingwerf nei trije jier omdat der te min boaten troch de slûzen kamen. Stichting De Nije Kompanjons, dy't de Turfrûte promoot, is teloarsteld. Ut in enkête docht bliken dat boatsjefoarders bliid binne mei de sneinsbetsjinning. De stichting wol oerlizze oft de proef trochgean kin.