Bergsma nimt Vinke oer

© Omrop Fryslân
Gruthannel Bergsma út Makkum nimt de aktiviteiten fan it Drachtster Vinke Automatenservice oer. Ek de seis personielsleden geane mei. Vinke is eksploitant fan sigarette-automaten, mar ferwachtet folle minder omset at fan 1 juli ôf in smookferbod jildt. Bergsma eksploiteart mear automaten as Vinke. It bedriuw ferwachtet troch de oername yn de takomst noch genôch omset meitsje te kinne mei de ferkeap fan smokersguod yn automaten.