Bokser Van Houten ferstoarn

© Omrop Fryslân
Bokser Lolle_van_Houten fan Ljouwert is woansdeitemoarn ferstoarn. Van Houten waard yn 1965 Nederlânsk Kampioen yn it swiergewicht. Hy wie doe pas 20 jier. Yn 1968 waard hy foar de twadde kear Nederlânsk Kampioen. Fierder wie hy eigner fan in sportskoalle yn Ljouwert en wie hy bekend as portier fan ûnder oare diskoteek VAT ´69.
Lolle_van_Houten is 62 jier wurden.