Wurk oan gersmatte Hearrenfean

de gersmatte wurdt opknapt
De gersmatte fan SC Hearrenfean moat yn de simmer folslein fernijd wurde. No wurdt de boppeste laach ferfongen. De matte wie nei de wedstriden tsjin AZ en VVV striemin. Benammen it midden fan it fjild wie net goed. Dêrtroch wurdt sa'n trije-fjirde part fernijd.
Oan de ein fan it seizoen sjocht de klub oft de folsleine matte ferfongen wurde moat. Dan soe ek de fjildferwaarming en de drainaazje ferfongen wurde kinne.