Nije keeper by SC Hearrenfean

30 jan 2008 - 14:01

Sportclub Hearrenfean hat in nije keeper oanlutsen. It giet om Harmen Kuperus, dy't foar de rest fan it seizoen hierd wurdt fan Zwolle. De komst fan Kuperus hat te krijen mei de blessuere fan ien fan de oare keepers fan Hearrenfean, Agil Etemadi.

Harmen Kuperus kaam al ris earder út foar SC Hearrenfean. Ek spile er foar ONS, Spakenburg, Snits, Cambuur, Urk en Stormvogels/Telstar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)