Gjin beswier ôfsluten dyk

30 jan 2008 - 11:35

De Raad van State kin him net fine yn de beswieren tsjin it ôfsluten fan in stik Wassenaarstraat yn Sint Anne. De ried bepaalde earder dat 75 meter fan de strjitte ôfsletten wurdt foar ferkear om fan it sintrum in winkelgebiet te meitsjen.

Neffens de beswiermakkers kin it ferkear troch it ôfsluten fan de dyk net mear goed trochstreame. Neffens de Raad van State binne der genôch alternative rûtes foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)