Arjan Stroetinga wer kampioen

30 jan 2008 - 11:01

Maratonreedrider Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap is woansdeitemoarn iepen Nederlânsk kampioen op de Weissensee wurden. Nei 100 kilometer wie hy yn de einsprint yn Eastenryk rapper as Sjoerd Huisman en René Ruitenberg.

Foar Stroetinga wie it al it twadde kampioenskip dit jier. Op 6 jannewaris fan dit jier wie hy ek de bêste op it NK op it keunstiis fan Assen. Op de Weissensee wie der noch in fjirde plak foar Bertjan van der Veen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)