Brêge by Akkrum wurdt feiliger

© Omrop Fryslân
De provinsje wol de feilichheid foar skippen by de Meinesleatbrêge febetterje. De bocht by de brêge by Akkrum wurdt rommer makke en ek komme der mear oanlisplakken. Dêrtroch wurdt de sitewaasje foar boaten dy't foar de brêge wachtsje oersichtliker.
De provinsje ferwachtet mear plezierfaart by de brêge om't de farrûte nei Akkrum opknapt wurdt yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. It wurk by de brêge kostet 150.000 euro.