Jonges Haulerwyk oppakt

twa jonges binne oppakt om't se de brânwacht hinderen by it blussen
De plysje hat twa jonges (15 en 17) út Haulerwyk oppakt. Se hiene yn de Aldjiersnacht de brânwacht bedrige en hindere yn har wurk. De brânwacht woe brân yn twa karavans blusse, mar waard bekûgele mei flessen en fjoerwurk. Under it blussen waard de wein fan it kontakt set, se leinen knikken yn de slangen en draaiden de kraan ticht.
Nei ûndersyk hat de plysje de jonges oanhâlden. Se sitte fêst. Der wurkje noch acht resjerseurs oan de saak.