Sinneselfabryk yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat ien fan 'e grutste fabriken fan Europa foar it meitsjen fan goedkeape sinnesellen. Wethâlder Waanders sloech tiisdei de earste peal foar it gebou. It fabryk bestiet út in ôfdieling ûndersyk en fabrikaazje. Der sille santich man komme te wurkjen.
Eigner Apa BV is al sûnt in pear jier op syk nei goedkeape techniken foar fjouwer megawatt-sinnesellen. It nije fabryk stiet oan 'e Foeke_Sjoerdswei by it WTC Expo.