Blauwe dyk giet de grins oer

29 jan 2008 - 12:01

It blauferve Mûnein yn Drachten smyt keunstner Henk Hofstra oandacht oer de hiele wrâld op. Yn Hongkong wolle se it ek dwaan. De keunstner krige tiisdei berjocht út Hongkong mei it fersyk om derhinne te gean en dêr ek in dyk te fervjen.

Hofstra joech earder al ynterviews mei ferskate tiidskriften oer syn projekt Water is Leven. Under oare yn Kanada en Spanje wolle se witte hoe't it idee ta stân kommen en útfierd is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)