Patstelling yn Polderhoofdkanaal

It Polderhoofdkanaal by Nij Beets
De kanaalkommisje fan Nij Beets wit net hoe't it fierder moat mei it Polderhoofdkanaal. Alle partijen wienen it nei jierren praten iens wurden. Ferline wike is it wurk út ein set, mar fjouwer dagen letter lei de rjochter it wer stil. In lyts groepke bewenners fan de streek hie mei súkses in koart pleit oanspand.
De kommisje wol it kanaal wer iepen hawwe foar de rekreaasjefeart. It moat gjin museumfeart wurde, fine se.