Keamerfragen oer Waadoefenings

29 jan 2008 - 10:53

De SP hat Keamerfragen steld oer de militêre oefenings yn it Waadgebiet. De partij wol witte oft it wier is dat definsje him by de oefenings net oan 'e wet hoecht te hâlden. In oare fraach is wêrom't yn Nederlân leger flein wurde mei boppe it Waad as yn Dútslân. De SP wol ek witte wêrom't in evaluaasje fan it leechfleanen sa lang duorje moat. It ûndersyk dêrnei is fjouwer jier ferlyn al oankundige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)