Lifehammer rêding automobilist

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige ynwenner fan De Jouwer moast moandeitenacht syn lifehammer brûke om út 'e auto te kommen, doe't er de feart ynriden wie. Hy ried op de Jentsjemar yn syn wenplak en bedarre yn 'e feart doe't er der mei de holle eefkes net by wie.
De auto kaam op de kop yn 'e feart telâne. De man hat it rút ynslein om derút te kommen. Hy rekke net ferwûne. In bergingsbedriuw hat de auto út 'e feart helle.