Priis foar Fryske arsjitekten

De Fryske arsjitekten Nynke Rixt Jukema en Jasper van Zellingen hawwe de earste priis wûn fan in Europeeske wedstriid ûnder de fjirtich jier. Dat wie foar it ûntwerp foar in wenboathaven yn it Grinzer Eemskanaal. Dêrfoar hawwe se loadsen betocht dêr't yn wenne wurde kin, en wenten op peallen.
De winners krije as priis in nije opdracht, mar mooglik wurdt it winnende ûntwerp ek echt útfierd.