Alves mooglik fêst oan 't Fean

28 jan 2008 - 23:40

De kâns is oanwêzich dat Afonso Alves by Hearrenfean bliuwe moat. Dat is de konsekwinsje fan de arbitraazjesaak by de KNVB fan moandeitejûn tusken Alves en fuotbalclub AZ.

Der is noch gjin útspraak dien. Grutte fraach is no oft dat wol foar tongersdei middernacht bart. Dan is de transferperioade foarby en moat Alves dus oant it ein fan it seizoen by Hearrenfean bliuwe. De saak is noch al kompleks en dat nimt tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)