Winst jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong_Hearrenfean hat moandeitejûn mei 2-0 wûn fan jong Sparta. De Feansters spilen in minne wedstriid. Paulo_Henrique makke healwei de earste helte de 1-0. Krekt foar de ein soarge Roy_Beerens mei in ´swabberskot´ foar de 2-0.
Keeper Brian Vandenbussche stie yn de goal en die dat goed. Fierder diene ûnder oaren Thomas_Prager, Matusiak, Cecilio_Lopes en Jong-A-Pin mei. De ploech fan Henk_Herder is no fjirde.