Noch gjin nijs oer 3 gluorkers

28 jan 2008 - 15:35

Plysje en justysje ha noch net in soad mear ynformaasje krigen oer de trije mannen dy't fertocht wurde fan it gluorkjen nei pisjende froulju op doarpsfeesten. Tsjin de âldste, in man fan 67 út Smellingerlân, is noch wol in oanjefte fan oanranding dien.

Dy saak stiet los fan de praktiken fan de manlju op doarpsfeesten. Dy trije reizgen feesten ôf om dêr froulju lestich te fallen dy't nei bûten giene te pisjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)