Wurkleazen nei Waadeilannen

27 mrt 2012 - 22:12

In groep Fryske jongeren dy't sûnder wurk sit en net nei skoalle giet, wurdt de kommende wiken klearstoomd foar in baan yn de hoareka op de Waadeilannen. De Fryske Werkpleinorganisaasjes, it Friesland College en it útstjoerburo Waddenjobs wurkje dêrfoar gear yn it projekt Herrie in de keuken. It giet om jonge minsken tusken 18 en 27 jier, dy't yn acht wiken klear wêze moatte foar in hoarekefunksje. It projekt wurdt betelle mei jild fan it Actieplan Bestrijding Jeugdwerkloosheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)