Saak Alves giet moandei troch

28 jan 2008 - 14:50

De arbitraazjekommisje fan de KNVB behannelet moandeitejûn om 19.30 oere de saak fuotballer Afonso Alves tsjin AZ. De klub fynt dat se in jildich kontrakt ha mei Alves. De fuotballer bestriidt dat en seit dat net alle hantekens ûnder it kontrakt stean.

Mocht de arbitraazjekommisje ta dat selde oardiel komme, dan sil Alves in skeakleam tsjin AZ yntsjinje. Earder oardiele de kommisje dat Alves noch in jildich kontrakt mei Hearrenfean hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)