Gjin plak pjutten Wulpennest

28 jan 2008 - 10:53

De bern fan it ôfbaarnde pjutteboartersplak Wulpennest op it Hearrenfean moatte dizze wike thús bliuwe. De oerkoepeljende organisaasje Kinderwoud sil mei de gemeente en it basisûnderwiis prate oer ferfangende romte. Se hawwe trije lokalen noadich om alle pjutten wer plak te bieden.

It besteande gebou baarnde yn de nacht fan freed op sneon ôf en moat as ferlern beskôge wurde. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)