Seedorf op proef by Cambuur

Cedric Seedorf
Cambuur hat in nije spiler op proef. It giet om Cedric Seedorf, de jongere broer fan ynternasjonal Clarence Seedorf. Cedric Seedorf(24) hat ûnder oare yn de jeugd fan Ajax, Inter Milan en Real Madrid spile. Ek hat hy twa jier fuotballe yn de searje C yn Italië.
Op dit stuit spiler er op amateurbasis foar it Belgyske Oostende. Cambuur sil tiisdei in beslút nimme oer it mooglik taheakjen fan Seedorf oan de seleksje.