Kamera's helpe yn swimbad

Kamerataferjoch helpt yn swimbad
Swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert hat folle minder lêst fan stellerij en oerlêst troch de kamera's dy't der sûnt in heal jier hingje. Lestige jongeren meie trije moanne oant in jier net mear yn it swimbad komme. Der wurdt ek folle minder stellen út de klúskes. Foardat de kamera's dêr hongen, wiene de klúskes favoryt by dieven.
It swimbad wol noch mear kamera's hawwe, mar dan by it bad sels.