Ferwûne by stekkerij yn Dokkum

© Omrop Fryslân
In 22-jierige man út Damwâld is sneontenacht om 4 oere op de Bargemerk yn Dokkum oanhâlden. Hy hie in 19- jierrige Eanjumer mei in mes oanfallen. Dat wie foar in hoarekasaak op 'e Oranjewâl. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne ûnder de earm. Hy is nei it sikehûs oerbrocht.
De fertochte bedrige by syn oanhâlding ek de plysje mei in mes. Lang om let slagge it de plysje dochs de man oan te hâlden en yn te sluten op it buro.