'Skieding net altyd needgefal'

27 jan 2008 - 12:58

Boargers dy't nei in skieding gau wenromte hawwe moatte, krije gjin ekstra help fan 'e gemeente It Hearrenfean. De fraksje Groep Rinnie hie dêrom frege. Slachtoffers fan in brân krije altyd wol gau in nije wente. In skieding is ek in needgefal.

De gemeente wol der dochs net oan, omdat dan alle hierhuzen fersein wêze soene. Inkeld as heit, mem of de bern wier yn 'e knipe komme soene, wol de gemeente byspringe mei ekstra help.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)